Religieuze website yn Ljouwert

De religieuze website News4all
Fanút Ljouwert is in nije website opset oer leauwen en spiritualiteit. De site News4all.net wol in oanfolling jaan op it nijs dat kristlike kranten bringe.
Nijs oer leauwen, de mienskip, keunst, kultuer en de wrâld wurdt troch har oars benadere. Dêrmei hoopje se in oare doelgroep te berikken. De measte kristlike kranten dogge te min mei ynternet, fine de inisjatyfnimmers.