Foarearst gjin huzen yn Techum

03 des 2007 - 15:47

Yn in part fan de Ljouwerter nijbouwyk Techum mei foarearst net boud wurde. Dat hat de Raad van State bepaald.

It giet allinnich om 55 wenningen dy't der earst net komme meie. Mar de Raad van State hat ek sein dat it hiele plan Techum ûnûntkomber is. En dêrom is de wethâlder Marga Waanders fan 'e gemeente Ljouwert dochs wiis mei de útspraak. Meiinoar soene der yn Techum sa'n 6.000 huzen komme moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)