Fertochten McDonald komme foar

03 des 2007 - 15:15

De fertochten fan de oerfal op de McDonald's op De Lemmer moatte woansdei foarkomme yn Rotterdam. De rjochtbank dêr behannelt in seary oerfallen op filialen fan de fastfoodketen.

Ek yn IJsselstein, Vuren, Rotterdam, Barendrecht en Woerden waarden dizze simmer soartgelike oerfallen pleegd. Maskere manlju bedrigen mei in fjoerwapen it persoaniel en namen jild en besittingen fan it persoaniel mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)