Tefolle fan beskerme galleblêd

03 des 2007 - 15:02

It eksoatyske plantsje it galleblêd, ofwol 'grote waternavel' driget de wetters yn 'e omkriten fan Terbant en Lúnbert oer te groeien. Op in gemeentlik stoart fan 'e gemeente oan 'e Jonkerwei binne hekkelresten mei it plantsje oantroffen.

It leanbedriuw dat de resten op it stoart brocht hie, die dat yn opdracht fan 'e gemeente. Buertbewenners binne benaud dat it plantsje takom simmer alle oare planten ferdriuwe sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)