'Brêge moat Piipbrêge hite'

03 des 2007 - 12:11

De nije brêge oer de noch út te graven Drachtsterfeart moat Piipbrêge hjitte. Dat skriuwt stichting Smelne's Erfskip yn in brief oan it CDA Smellingerlân. Dy partij wol de brêge nei Gobabis neame, in sustergemeente fan Smel'lân.

Earstiids hieten alle klapbrechjes oer de Feart piipbrêgen. Dêr binne ek wer de werf De Piip oan it Mûnein, en de bekende piipster skûtsjes fan Drachten nei neamd. De nije brêge komt by de krusing Noarderhegewei-Suderhegewei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)