Spookrider yn 'e feart

© Omrop Fryslân
Op 'e A31 Ljouwert-Harns is moandei by Mullum in spookrider op 'e ferkearde kant fan 'e dyk yn 'e sleat riden. It giet om in âldere frou dy't mei in pear oare âldere froulju yn 'e auto ûnderweis wie.
It ûngelok barde moarns om sawat tsien oere. De ferwûnings fan de slachtoffers lykje ta te fallen. In oare auto dy't de spookrider úntwike moast, is yn 'e fangrail riden en moast fuortsleept wurde.