Frou út Ferwert swierferwûne

03 des 2007 - 10:24

By Ginnum is sneintemoarn in frou fan 26 jier út Ferwert swierferwûne rekke by in ûngelok. Se rekke op 'e Harstawei mei har auto yn 'e sleat.

De auto is mei in shovel derút helle. It slachtoffer waard dêrnei mei in traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Wat de oarsaak fan it ûngelok wie, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)