Bus útbaarnd by Menaam

03 des 2007 - 10:06

Op de Mieddyk by Menaam is moandeitemoarn in bus fan Connexxion útbaarnd. Alle passazjiers koene op tiid út de bus komme.

Twa ploegen fan de brânwacht ha de brân blust, mar koene net foarkomme dat de hiele bus ferlern gie. Doe't it fjoer út wie, is begûn mei it skjinmeitsjen fan de dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)