Trije Feansters yn ien groep

Thomas Prager spilet by gastlân Eastenryk
Trije spilers fan SC Hearrenfean binne by de lotting foar it EK fuotbal mei harren lannen yn ien groep telâne kaam. Danijel Pranjic út Kroaasje, Thomas Prager út Eastenryk en Radoslaw Matusiak út Poalen wurde op it EK tsjinstanners. Sy sitte yn ien groep mei Dútslân.
Nederlân lotte snein in swiere groep mei wrâldkampioen Italië, fise wrâldkampioen Frankryk en Roemeenje. It EK wurdt yn juny 2008 spile.