Hearrenfean wint fan NEC

02 des 2007 - 16:45

Troch in doelpunt fan Jakob Poulsen hat de Sportklub Hearrenfean snein yn Nijmegen mei 1-0 fan NEC wûn. De Deen makke yn de 41e minút de winnende treffer.

Troch de trije winstpunten stiet Hearrenfean no op it fjirde plak fan de ranglist. Trainer Verbeek spruts nei de wedstriid nochris de berjochten tsjin dat er opstappe sil by SC Hearrenfean. Hy wol noch wol ien of twa jier trainer by Hearrenfean bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)