Snits ferliest fan WKE
Sneinshaadklasser Snits hat yn Emmen mei 3-0 ferlern fan koprinner WKE. Yn de 40e minút fan de earste helte kaam Snits mei 1-0 achter. Wybren Visser krige foar it skoft in reade kaart en moast Snits in grut part fan de wedstriid mei tsien man spylje.
Yn de twadde helte makke WKE it karwei ôf troch twa kear te skoaren en waard de einstân 3-0.