Famkes ferwûne by oanriding

© Omrop Fryslân
Twa famkes (14 en 13 jier) út Kollum binne sneon ferwûne rekke by in ûngelok op de Mr Andreastrjitte yn har wenplak. De famkes stiene te wachtsjen op de krusing mei de Willem Loréwei doe't in automobilist har oanried.
De man hie net genôch rjochts hâlden en kaam doe op de ferkearde helte fan de dyk telâne. It 14-jierrige slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. By it oare famke liken de ferwûnings ta te fallen.