Stellen auto yn wetter
In auto, dy't sneon ûntdutsen waard yn it wetter oan de Annie Westlandstrjitte yn Ljouwert is nei alle gedachten stellen.
De plysje kaam der nei ûndersyk achter dat de auto eigendom wie fan in 55-jierrige ynwenner fan Ljouwert. Dy hie krekt ûntdutsen dat syn auto fuort wie doe't de plysje by him kaam.