Sevenwolden 2e by wedstriid

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it skoallemienskip Sevenwolden op It Hearrenfean binne dit wykein twadde wurden by it Nederlânsk kampioenskip debattearjen yn Leiden. De Fryske skoalbern waarden ferslein troch de learlingen fan it Utrechts Stedelijk Gymnasium.
De twa skoallen moasten yn de finale debattearje oer de stelling oft de helte fan it oanbod yn winkels út fair trade-produkten bestean moat. Oan de finale dienen 34 skoallen mei.