Frou mei auto yn 'e sleat
By in ûngelok op de Harstawei by Ginnum is sneintemoarn in frou slim ferwûne rekke. Se waard mei har auto troch foarbygongers fûn yn in sleat. De helptsjinsten ha de frou út de auto helle.
Se is mei de helikopter nei it UMCG-sikehûs yn Grins oerbrocht. Wat der krekt bard is, wurdt noch troch de plysje ûndersocht.