Deade by ûngelok by Sint Nyk

02 des 2007 - 10:44

In ûnbekende automobilist is sneintemoarn om it libben kaam by in ûngelok op de Langwarderdyk by Sint Nyk. De bestjoerder wie tsjin in beam riden en waard dêr fûn troch in foarbygonger.

De ynskeakele helptsjinsten koenen neat mear foar it slachtoffer dwaan. Op de Langwarderdyk binne wol faker deadlike ûngelokken. Wat dit kear de oarsaak west hat wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)