Iepen dagen HCL Ljouwert

It histoarysk sintrum Ljouwert iepene dit wykein de doarren foar elkenien. Freed wie de offisjele iepening. It HCL is ferhûze fan de Grutte Tsjerkstrjitte nei de Grienewei yn Ljouwert.
Sneon en snein kinne minsken ûnder oaren de ûndergrûnse depots besjen, in eigen famyljewapen meitsje en der is muzyk. De iepen dei falt tegearre mei it wykein fan 'e Ljouwerter skiednis.