Grutste skip noch net yn Harns

© Omrop Fryslân
De besite fan it grutste skip ea oan de haven fan Harns is in pear dagen útsteld. Fanwege de hurde wyn leit it skip noch yn de haven fan Vlissingen.
It skip de Dual Confidence komt nei Harns om sâlt te laden by Frisia. It skip kin mar de helte fan it sâlt lade yn Harns, oars kin it net mear troch de fargeul nei de Noardsee. De oare helte wurdt mei frachtskippen nei Amsterdam fearn en dêr oan board brocht.