Dronken autorider bekeurd

01 des 2007 - 14:26

De plysje yn Ljouwert hat sneontemoarn betiid op de Klaas Hartswei yn 'e stêd in swier beskonken automobilist oanholden. De man foel op troch syn frjemde rydgedrach. Hy regearre net op stoptekens fan de plysje. De man ried himsels lang om let fêst yn in gersfjild.

Op it plysjeburo die bliken dat de bestjoerder fierstente folle dronken hie. Boppedat hie de man net in jildich rydbewiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)