84 trekkers ride yn optocht

01 des 2007 - 13:20

Der ha him gjin problemen foardien by de ferhuzing fan 84 trekkers fan Munnikebuorren nei Bant. Trekkerhannel Koop van der Wal hat yn dat lêste plak syn nije ûnderkommen fûn.

De trekkers binne sneontemoarn yn in optocht fan it iene nei it oare plak riden. It giet dan om in ôfstân fan sa'n 15 kilometer. De plysje wie ynskeakele om problemen mei it oare ferkear foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)