Min oardiel PJ Montessori

01 des 2007 - 12:58

It Piter Jelles Montessori yn Ljouwert heard by de minste VWO-skoallen fan Nederlân. Dat skriuwt Trouw sneon. De krante hat sjoen nei de gemiddelde sifers fan learlingen út de ûnderbou, hoefolle learlingen har diploma helje sûnder sitten te bliuwen en wat de gemiddelde eineksamensifers binne.

It Piter Jelles Montessori heart by de fjouwer VWO-skoallen mei de minste beoardieling. By de bêste skoallen sitte neffens Trouw gjin Fryske.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)