Syktocht nei ynsittenden auto
Dûkers fan de brânwacht ha sneontemoarn yn Ljouwert socht nei de ynsittenden fan in auto. Dy auto lei yn it wetter fan de Dokkumer Ie. Yn de auto waard net ien fûn.
Nei alle gedachten is de auto nachts it wetter yn treaun. Neist de brânwacht waard ek in tal ambulances ynset.