Oarsaak brân noch ûnbekend

de útbaarnde winkel
Der is noch gjin dúdlikheid oer de oarsaak fan de brân by kleanwinkel Fifty Six op it Hearrenfean. Freedtemoarn betiid ûntstie der brân yn it appartemint boppe de winkel. De brânwacht koe net foarkomme dat beide folslein útbaarnden.
Kommende moandei wurdt besjoen wat der mei it gebou gebeure moat. Dan kin ek berekkene wurde hoe grut de skea foar de winkel is.