Spesjale keapjûn lûkt 220 man

Lekker rêstich winkeljen foar minsken mei in beheining freed yn de V&D
Goed 220 minsken hawwe freed gebrûk makke fan de spesjale keapjûn foar minsken mei in beheining fan de V&D yn Ljouwert. De keapjûn wurdt alle jieren troch it Reade Krús organisearre rûn de sinterklazetiid. Se dogge dit omdat it foar minsken dy't bygelyks yn in rolstoel sitte hast net te dwaan is om op in gewoane keapjûn te boadskipjen.
De spesjale keapjûn waard freed foar de 40-ste kear hâlden.