Stekker út Cambuurplannen

30 nov 2007 - 17:47

De gemeente hat de stekker út de plannen by it Cambuurstadion yn Ljouwert lutsen. Dêr soenen ûnder oare sa'n 300 huzen boud wurde tegearre mei wenningkorporaasje Accolade.

It giet om in projekt fan sa'n 70 oant 80 miljoen euro. De Accoladegroep hat twa kear útstel fan de gemeente krigen, mar no is it definityf fan tafel. Wat de konsekwinsjes binne foar Cambuur is noch net bekend. De gemeente wol it gebiet wol opknappe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)