Striid oer muzyk yn Romein

© Omrop Fryslân
Der is diskusje ûntstien oer wat foar muzyk boekt wurde mei yn Poppoadium Romein yn Ljouwert. In optreden fan de groep Elaganca gie dêrtroch hast net troch, omdat de gemeente it net woe. Dy jout subsydzje oan Romein, mar dat moat dan wol rûmte biede oan popbands.
Ljouwert fûn dat Elaganca, fan Anneke_Douma, Agnes_Sambrink, Elly_May en Carin_Seegers dêr net ûnder falt. Nei oerlis kin it konsert dochs trochgean. Dat stiet pland foar 23 desimber.