Flyers keeper blessearre

keeper Tim Kelleher (foto: Martin de Jong)
IIshockeyclub Vadeko Flyers moat it de kommende wiken dwaan sûnder earste keeper Tim Kelleher. Kelleher rekke ôfrûne tiisdei blessearre yn 'e heale finale fan 'e beker tsjin Den Haach. Sa't no bliken docht binne de bannen fan syn linker knibbel skourd. Kelleher is ferskate wiken útskeakele.
De Flyers hawwe de Canadees Ryan Scott Grinnell (32) oanlutsen as tydlik ferfanger. De earste wedstryd fan de Flyers is snein thús tsjin Geleen.