Dochs learlinge-aksje Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert waard freed dochs aksjefierd troch learlingen fan it fuortset ûnderwiis. In demonstraasje by de Aldehou wie ôfsein, omdat der lûden wiene dat der saken fernield wurde soene.
Op it gymnasium oan de Noarderwei wie no in alternatyf plan betocht. Learlingen hellen yn de Prinsentún smoargens út de boskjes en diene dat yn pûden. Dat ha se oanbean oan wethâlder Krol fan Ljouwert.