Brommerrider skept troch auto

30 nov 2007 - 10:11

Yn Harich is tongersdei in 15-jierrige brommerrider ferwûne rekke by in ûngelok. De jonge woe in auto ynhelje en ried doe oer de stoepe rjochts fan de auto. Dy sloech op in gegeven stuit rjochtôf in hiem op en rekke de brommerrider.

De jonge kaam troch de botsing yn de foartún fan in hûs telâne. Hy is mei de ambulanse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)