Famke ferwûne by oanriding
In 17-jierrich famke út Snits is tongersdeitejûn yn har wenplak ferwûne rekke by in oanriding. It famke kaam op de fyts de hoeke om fan de Rienck Bockemakade. In autobestjoerder dy't linksôf sloech, seach har oer de holle en ried tsjin har oan.
It famke moast mei ferwûnings oan de skonken nei it sikehûs.