Jonges betrape mei fjoerwurk

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Grou twa jonges (18) oppakt omdat se illegaal fjoerwurk yn har besit hiene. Plysjeminsken hearden yn de omjouwing fan de Garde Jagerswei in hurde knal. Frijwol fuortendaliks rûnen de twa jonges har yn de earms. Se ha se meinaam nei it buro om heard te wurden.
By ien fan de jonges thús leine 71 flinterbommen, 100 strikers en 20 stiks nitraat fjoerwurk. De plysje is de saak noch oan it ûndersykjen.