'Foppe moat bûnscoach wurde'

Foppe as bûnscoach nei it EK?
Nederlanners sjogge leaver dat Foppe de Haan it Nederlânsk alvetal takom jier op de einrûnde fan it EK traint, as de hjoeddeistige coach Marco van Basten. Dat docht bliken út ûndersyk fan opinypeiler Maurice de Hond. 51% wol De Haan as coach, Van Basten hat noch de stipe fan 32%.
Oer de kânsen fan it alvetal is de Nederlânse fuotbalfan net posityf. Hast de helte tinkt dat Oranje de groepsfase net oerlibbet.