Ferwûnen by brân Hearrenfean

By in brân yn it sintrum fan It Hearrenfean binne trije minsken licht ferwûne rekke. It fjoer bruts freedtemoarn om kertier oer fjouweren út yn in appartemint boppe in winkel oan de Dracht.
De twa bewenners fan it appartemint binne út it gebou sprongen. Beide rûnen dêrby lichte ferwûnings op. Ek in omstander rekke licht ferwûne. De brân is ûnder kontrôle. De kleanwinkel is folslein útbaarnd.