Staking Ljouwert ôfblaasd

29 nov 2007 - 18:11

It driget freed flink út de hân te rinnen by de stakingsaksjes fan skoalbern yn Ljouwert. Dat seit it komitee dat de aksje organisearre hie. Ut mailferkear en berjochten op ynternet docht bliken dat guon learlingen fan doel binne de staking te brûken om rellen te skoppen. Sa wolle se it stedhûs bestoarmje en soene se útwêze op fjochtpartijen.

It komitee hat dêrom besletten de offisjele aksje ôf te blazen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)