Trepleuningen tsjerke stellen

Hjir sieten earder in brûnzen trepleuning
De Bonifatiustsjerke yn Ljouwert is syn brûnzen trepleuningen kwyt. Dieven ha trije nachten lyn harren slach slein en de oardel meter lange buizen derôf helle. De stifting Bonifatiustsjerke tinkt dat ferfanging sa'n 5.000 euro kostet. De leuningen sieten der al 123 jier.
Koartlyn waard der ek al acht meter fan de koperen bliksemôflieder stellen. De tsjerke is net fersekere tsjin dieverij.