Ed Nijpels foarsitter TROS

29 nov 2007 - 12:45

Ed Nijpels (57) wurdt de nije foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan radio- en tv-omrop TROS. Dat hat de TROS tongersdei bekend makke. Nijpels is no noch kommissaris fan de keninginne yn Fryslân. Hy hie al oankondige dat er dy baan yn maaie delleit, omdat syn frou Elsbeth Janmaat yn Maleisië oan it wurk giet.

Nijpels hat earder ek tv-programma's foar de TROS presintearre lykas Aktua Export en Aktua in Bedrijf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)