Sûchdieratlas presintearre

Ree mei jong
Yn it provinsjehûs yn Ljouwert waard moandei de sûchdieratlas fan 2012 presintearre. Hokker sûchdieren binne der yn Fryslân en wêr komme se foar? En is der noch takomst foar guon soarten sûchdieren yn Fryslân? De atlas is in inisjatyf fan de lanlike sûchdierferiening, dy't yn Fryslân gearwurket mei de provinsje, it Fryske Gea en Lânskipsbehear Fryslân.
De measte waarnimmings wurde dien troch frijwilligers. Deputearre Johannes Kramer naam it earste eksimplaar fan de sûchdieratlas yn ûntfangst.