Stake? Tastimming âlders

De staking yn Ljouwert earder dizze wike
Skoallemienskip Sevenwolden fan it Hearrenfean kin him de aksjes fan skoalbern tsjin de lesoeren-noarm begripe, mar stipet dy net omdat it keamerdebat fan woansdei wer wat mear romte jout.
As learlingen fan OSG Sevenwolden nei de lanlike aksjedei yn Amsterdam wolle moatte se dêrfoar tastimming freegje fan har âlden. Op it Museumplein demonstrearre skoalbern freed tsjin de 1040-oerenoarm.