Frachtauto's iepenbrutsen
Yn Boalsert binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei trije frachtauto's iepenbrutsen. De weinen stiene op it terrein fan in bedriuw oan de Marne. Fan alle trije is der in sydrút stikken slein en doe is fan binnenút de doar iepenmakke.
It bedriuw mist neat. Hoe grut at de skea fan de fernielerij is, is net bekend.