Aris ferliest yn tredde kwart

28 nov 2007 - 23:10

Basketbalklub Aris Friesland kin ûnder de nije trainer Tony van den Bosch mar net winne. Woansdeitejûn ferlearen de Ljouwerters mei 77-96 fan ZZ Leiden.

By rêst hie Leiden in lytse foarsprong fan 37-36. Yn it tredde kwart skoarde Leiden lykwols 35 kear en Aris mar 11 kear. Benammen de trijepunters en de frije worpen foelen net. Dochs skoarde Roy Booker 30 punten. Aris bliuwt tegearre mei Omniworld lêste mei twa punten út 13 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)