Froulju H'fean wer ûnderút

© Omrop Fryslân
De froulju fan sportklub Hearrenfean ha wer ferlern. Dit kear wie AZ yn Alkmaar mei 4-0 de bettere ploech. Al nei tolve minuten stie AZ mei 2-0 foar. Nei de rêst kaam Hearrenfean goed út de klaaikeamer, mar nei tweintich minuten waard it dochs 3-0. Tsien minuten foar tiid gie de wedstriid mei 4-0 op slot.
Nettsjinsteande it lêste plak tinkt trainer Harry Sinkgraven der noch net oan om maatregels te nimmen.