Dochs Ot en Sienmuseum S'fean

It Ot en Sienmuseum yn Surhústerfean kin dochs iepen. It museum kin noch foar de kryst los. De Ot en Sienpleats soe yn april begjinne, mar dat koe doe net om de brânfeiligens. It museum moast in ekstra needútgong krije.
De ekstra doar komt der, mar dêr moat wol in loads foar sloopt wurde. Dat bart no kommende tiisdei. Twadde Keamerlid Joop Atsma sil it museum iepenje op 22 desimber. Atsma hat him wakker foar it museum ynset.