Festival siket 'âlde mantsjes'

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan it Frysk festival is op syk nei 84 âlde mantsjes. Dit om in grut koar te foarmjen foar de foarstelling 'Oude Vrouwtjes' fan de Flaamske teatermakker An de Donder. Oude Vrouwtjes is ien fan de likernôch 30 produksjes dy't takom jier augustus op it Frysk festival te sjen binne.
Dêrnjonken sil der ek in rock- en popdei hâlden wurde en komt der in grutte jongereinopera. Ek foar dizze produksje wurde minsken socht.