Koornbeurs: miskommunikaasje

Neffens it bestjoer wie der in soad miskommunikaasje oer it teater
Plakferfangend foarsitter Hiltsje Geertsma fan De Koornbeurs beskuldiget b. en w. fan Frjentsjerteradiel fan miskommunikaasje oer it Frjentsjerter teater De Koornbeurs. It bestjoer fan it teater is opstapt, omdat de gemeente gjin 60.000 euro subsydzje ekstra jaan wol.
Sûnder dat jild kin it teater net funksjonearje, seit Geertsma. It bestjoer krige fan 'e gemeente it ferwyt 'net sunich genôch' te wêzen.