Berltsum krijt nije rotonde

De drokke T-splitsing by Berltsum dy't no rotonde wurde moat.
In rotonde by Berltsum moat de gong út it ferkear oer de trochgeande dyk dêr helje. De N383 tusken Marsum en Sint Anne hat no noch in ôfslach nei Berltsum, mar dy is gefaarlik troch min sicht en de hege snelheid fan de autobestjoerders. Ek leit de ôfslach yn in bocht.
De wurksumheden foar de rotonde begjinne dizze wike. Der wurdt in tydlike dyk oanlein wêrtroch it ferkear der gjin lêst fan hat.