Oanhâlding om fjoerwurkbom

28 nov 2007 - 09:34

De plysje hat trije Drachtsters oanhâlden fanwege it ôfstekken fan in swiere fjoerwurkbom. De bom gie ôf op de Easterbuorren yn Boarnburgum. By dy aksje waard in ferkearsboerd opblaasd. Ien fan dy trije jonges waard herkend troch in omwenjende.

Hy koe letter mei de twa oare jonges oanhâlden wurde. De plysje rekkenet de jonges it ynsidint swier oan, omdat op it stuit fan it ôfstekken in hurdrinner foarby draven kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)