Noarden stiet op Suderseeline

27 nov 2007 - 22:03

It Noarden easket dat de Suderseeline der dochs noch komt. Kommissaris fan de Keninginne Max van den Berg fan Grinslân levere tiisdei yn de Twadde Keamer felle krityk op it beslút fan it kabinet om de flugge spoarferbining tusken de rânestêd en it noarden ôf te sjitten.

Hy spruts út namme fan it Noarden yn op de harksit yn Den Haach. Mei de kompensaasje fan 2 miljard euro sil it Noarden gjin genoegen nimme, sei hy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)