Folchsysteem foar dakleazen

27 nov 2007 - 21:50

De dak -en thúsleaze minsken yn Ljouwert moatte better yn de gaten hâlden wurde as no it gefal is. De gemeente wol yn oparbeidzjen mei maatskiplike opfangynstânsjes, de ferslavingssoarch en de geestlike sûnenssoarch in systeem betinke weryn de dak -en thúsleazen ek folge wurde at se útwike nei in oare stêd.

Ljouwert stekt 50.000 euro yn it folchsysteem. Der moat gearwurke wurde mei Grins, Snits, Drachten en It Fean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)