Fytspaad Duerswâldsterheide

26 mrt 2012 - 12:41

Dizze wike begjint de oanlis fan in fytspaad tusken de Duerswâldsterheide en de Nije Feansterwei. Dêrmei komt der in fytsferbining fan Wynjewâld oer de Duerswâldsterheide en de Biskopsreed nei Bakkefean.

It fytspaad wurdt oanlein yn opdracht fan de lânynrjochtingskommisje Koningsdiep en de provinsje Fryslân. Dat bart yn gearwurking mei de gemeente Opsterlân en Steatsboskbehear. It fytspaad moat mei in moanne of trije klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)