'Fryslân kin net autonoom'

It is net ferstannich fan Fryslân in autonome regio te meitsjen. Ta dy konklúzje komme twa ûndersikers fan de Rijks Universiteit Groningen. Yn opdracht fan de politike partij FNP ha se ûndersocht oft autonomy geunstich is foar de ekonomy. It antwurd: ja.
Mar de groei is mei in heal persint sa leech dat it net genôch is om Fryslân te ferselsstannichjen. In heal persint is net signifikant en betsjut eins neat.